It libben sels

Leesfragment
€6,00

It libben sels giet oer it mislearjen fan it houlik fan de ferteller en Dette. It is de fyfde kear al dat him in houlik misrint. Yn 'e rin fan it boek wurdt dúdlik dat soks elke kear syn eigen skuld west hat, om't hy mear oan seks as oan syn froulju hinget. Elke kear as de schwung derút rekket, siket de ferteller in útwei. Hy jout yn koarte oant tige koarte haadstikken in byld fan syn libben, bytiden absurd en hilarysk. De tsjoen by it lêzen fan de tekst ûntstiet net trochdat in plot ôftriedde wurdt, mar trochdat de lêzer in hyltyd folsleiner mozayk-byld kriget fan de haadpersoan. De styl fan skriuwen is sûnder omballingen, abrupt en faak poëtysk. Foar dit boek krige Piter Boersma yn 1998 de Gysbert Japicxpriis. Dizze twadde printing is in werútjefte fan de earste printing út 1997. It libben sels ropt fragen by de lêzer op en dat is net in lytse fertsjinste. Babs Gezelle Meerburg yn it Friesch Dagblad As It libben sels it lêzen wurdich is, dan sit him dat net yn it ferhaal, mar yn it fertellen. [-] It is de foarm fan It libben sels dy't it boek syn wichtichste wearde jout. It sketst in byld fan de rike earmoed fan it hjoeddeiske belibjen. Wy tinke yn tûzenen bylden en skeppe dêrmei ús eigen hyltyd mear iendiminsjonale wrâld. Hylke Tromp yn Hjir

pro-mbooks3 : libris