Bertekrêft

Reeks: In Fryske Odyssee

Leesfragment
€8,95

Bertekrêft is it fiifde boek yn de rige fan In Fryske Odyssee. Dêryn is it libbensferhaal fan Bouke Blomhof opnommen, boer oan de Fluezen by It Heidenskip. Dit ferhaal is in ûnderdiel fan tal fan oare ferhalen, libbensbeskriuwings, mytyske teksten, novellen en romans, dy't allegear in relaasje hawwe mei it libben fan de haadpersoan. De grutte roman oer de Blomhofs is de reade trie dy't troch it gehiel rint. Yn Mei it Mystearje, Mei Russyske Mystearjes, It Godsmystearje en Mysterieuze krêften wurdt it libben fan Bouke beskreaun fan syn bernejierren ôf (1944) oant en mei 1979. Yn it fiifde boek rint mei de komst fan in nije generaasje de line fan it geslacht Blomhof troch. De berte fan in soan wekt by de âlders emosjoneel in krêft op dy't it libben feroaret. Dizze bertekrêft komt ek nei foaren yn it libben fan de earste minskeftigen, de Neanderthalers en de Homo sapiens. Sûnder dizze evolúsjonêre krêft hie der gjin ûntwikkeling west. De ûntwikkeling fan it minskdom liedt ta it ûntstean fan stammen en steaten. Sa wurde by wize fan sprekken ek steaten berne. De krêften dy't dêrmei anneks binne, roppe meastal heftige emoasjes op. In foarbyld dêrfan is de skiednis fan Birma, it hjoeddeistige Myanmar.

pro-mbooks3 : libris